Us lid Jorrit van der Wal is tongersdei 16 oktober ferstoarn. Jorrit van der Wal is by us bekend as fokker fan Dryske fan de Slachtedyk. Dryske waard yn 2004, 2007 en 2008 algemien fokdeikampioen. Dizze selde merje waard op de Centrale Keuring ek trije keer kampioen. Ek wie van der Wal fokker fan de dekhynst Tsjibbe 388. Van der Wal wie jieren foarsitter fan studieclub 2.
We winskje de famylje sterkte ta.